300 asylsikers Hearrenfean wei

© Omrop Fryslân
De gemeente It Hearrenfean mist 300 asylsikers. No't it azc yn de gemeente ticht is, kin de gemeente 300 fan de asylsikers net mear fine. De gemeente hat de minsken offisjeel útskreaun mei de oantekening dat se nei alle gedachten net mear yn Nederlân wenje.
De asylsikers binne wierskynlik net fertrokken nei it bûten- of heitelân, mar ferbliuwe noch yllegaal yn Nederlân.