ID-pas: gjin warskôging

29 des 2004 - 10:36

De Fryske plysje sil fan 1 jannewaris ôf minsken dy't harren net legitimearje kinne, fuortendaliks in boete jaan. Warskôgjen is der net by, sa lit de plysje witte.

Elke Nederlanner fan 14 jier of âlder moat takom jier in rydbewys, paspoart of ID-kaart sjen litte as de plysje dêrom freget. Wa't dat net kin, krijt in boete fan 50 euro. Gemeentehuzen hawwe it drok mei ID-pas-oanfragen dy't op it lêste momint yntsjinne binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)