Fergees berop Loaiïngeasters

29 des 2004 - 09:27

De krusing by Loaiïngea komt net wer werom. De bewenners hienen berop oantekene by Deputearre Steaten tsjin sluting fan de krusing. Dat berop is net yn behanneling nommen om't it te let yntsjinne wie.

De bewenners moatte no mei de auto troch in fytstunnel om yn Snits te kommen. Dat is neffens de bewenners te gefaarlik. Ek soenen de hûzen minder wurdich wêze troch de sluting fan de ôfslach nei Loaiïngea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)