'Toeristen moatte Harns yn'

© Omrop Fryslân
It bedriuwslibben en de gemeente Harns moatte better har bêst dwaan om toeristen te lokken. Dat seit boargemaster Arlman. Neffens him komme de toeristen inkeld nei Harns om op de boat te gean nei de eilannen. In hapke of in drankje yn de binnenstêd is der faak net by. Dat moat oars.
Fan 500.000 toeristen dy't jierliks yn Harns komme, wol Arlman sa'n 50.000 de stêd yn lokke. Op de boaten wurdt in promoasjekrante útdield.