Gjin tv troch snie
Yn it Súdwesten fan Fryslân kinne kabelabonnees fan Essent gjin kommersjele stjoerders besjen. Troch de snie binne der problemen by it ûntfangststasjon fan it kabelbedriuw.
De snie op de skûtels soarget derfoar dat it sinjaal fan satelliten net goed trochkomt. It sinjaal fan Nederlân 1, 2 en 3 en Omrop Fryslân komt út de eter. Dêrom binne dy stjoerders goed te sjen. Essent tinkt dat de problemen yn de rin fan tiisdei oer binne.