Partij nepfjoerwurk weromfûn

28 des 2004 - 15:12

De plysje hat yn it Grinzer Mearum in grutte partij fjoerwurkdummy's weromfûn. It nep-fjoerwurk waard twa wiken lyn stellen út de showroom fan in bedriuw yn Wolvegea. De pakketten sûnder krûd binne spesjaal foar etalaazjes.

De partij waard nei in tip weromfûn op it terrein fan in earder asylsikerssintrum. Der binne gjin minsken oanhâlden. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)