Styl smyt net mear abonnees op

© Omrop Fryslân
De Frysktalige bylage 'Styl' yn de Friesland Post smyt it moanneblêd net mear nije lêzers op. It tal abonnees is dit jier mei in pear hûndert ôfnaam. Styl rjochtet him op jongere lêzers en komt fjouwer kear yn 't jier út.
Doel wie om 2000 oant 3000 ekstra abonnees te krijen. De útjouwer is wol tefreden oer de ûntwikkeling fan Styl. Der wurdt in wiidweidich ûndersyk ûnder de lêzers hâlden.