Kuierpaad by Droegeham

28 des 2004 - 13:16

Droegeham krijt yn it bûtengebiet in kuierpaad. Tusken natuergebiet De Hege Bult en de Jan Gerkeswei komt it paad fan skulpen. Achtkarspelen wol oan de oanlis meibetelje. Steatsboskbehear leit it paad oan en sil ek it ûnderhâld dwaan.

It gebiet De Hege Bult by it Prinses Margrietkanaal wurdt werynrjochte. Der komt romte foar natuerrekreaasje mei in mar. Fierder komt der in útkyktoer mei in glydbaan foar sliden yn de winter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)