Gjin stappen tsjin Verdonk

© Omrop Fryslân
De Drachtster tolk Ali Soleimani sjocht ôf fan juridyske stappen tsjin minister Verdonk. De tolk hie Verdonk skreaun dat er him soargen makke oer de gefolgen fan it asylbelied. Verdonk antwurde dat de tolk mar nei de húsdokter moast as er klachten hie. De tolk easke dêrop ekskuzes.
De minister hat Soleimani in nije brief stjoerd. Se skriuwt dat it nea har bedoeling west hat om har mei de tolk syn priveelibben te bemuoien.