Fêste banen by Lindestede

28 des 2004 - 10:34

Tweintich meiwurkers fan it soarch- en ferpleechsintrum Lindestede yn Wolvegea krije in fêste baan. De groep wurket op dit stuit noch op basis fan in subsidiearre ID-baan by de ynstelling.

Om foar te kommen dat de tweintich op termyn sûnder wurk reitsje, ha de gemeente Weststellingwerf en Lindestede har in reguliere baan jûn. De meiwurkers moatte yn twa jier tiid allegear it fêste kontrakt krije. By Lindestede wurkje tritich man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)