Oftelle foar fjoertoer Amelân

© Omrop Fryslân
De fjoertoerwachter fan It Amelân giet syn lêste wike yn. Op 1 jannewaris it it dien mei de persoanlike bewaking op de toer by Hollum. Fan dy dei ôf nimme ynfrareadkamera's en radar it wurk oer. De toer fan It Amelân foldie net mear oan 'e brânfeiligens.
De fjoertuorren fan Skiermûntseach en De Brandaris fan Skylge bliuwe noch wol bemanne. De wachter fan It Amelân warskôget foar de gefaren. In radar en kamera's bliuwe kwetsbere dingen