Ledetal Waadferiening daalt

© Omrop Fryslân
De Waadferiening slút it jier ôf mei 6% minder leden. Dat stiet yn in ranglist fan it VARA-radioprogram Vroege Vogels. De Waadclub stiet mei 46.5000 leden op it tolfde plak, in plak leger as ferline jier. It Bûn fan Fryske Fûgelbeskermings Wachten is tweintichste, it Fryske Gea 23e.
Grutte clubs as Natuurmonuminten, it Wereldnatuurfonds en Greenpeace stean boppeoan de list. Nij yn 'e top tsien is de seehûnekresj Pieterburen.