Beatrix: wês ferdraachsum

© Omrop Fryslân
Keninginne Beatrix ropt yn har Krysttaspraak op ta ferdraachsumens. Dit jier kaam it ekstremisme bot op. It is de taak fan 'e boargers om dêr goed mei om te gean, sei de Keninginne. Grinzen moatte dúdlik wêze en yndividuen en groepen moatte harren betiden skikke nei it algemien belang.
De Keninginne stie ek stil by de dea fan Prinses Juliana en Prins Bernhard. Se sei neat oer de swangerskip fan Máxima dy't koartlyn bekend waard.