Stride foar Frysk ID-bewiis

25 des 2004 - 18:15

De Groep fan Auwerk ropt op ta it wegerjen fan in Nederlânsk identiteitsbewiis. Se dogge de oprop op de ynternetside www.fryskid.tk. Friezen moatte, as it giet om najonaliteit, de mooglikheid hawwe dêr 'Frysk' foar yn te foljen.

De groep beriedt him op aksjes, lykas hantekeningsaksjes of it wegerjen fan it dragen fan Nederlânske identifikaasje. Se tinke sels oan it útlokken fan in proefproses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)