Krystmiel foar iensume minsken

© Omrop Fryslân
Allinnichsteanden hawwe op Krystjûn by in restaurant yn Drachten in fergees miel oanbean krige. Fjirtich âlderen skoden oan by Van der Valk.
It krystmiel is in inisjatyf fan it Nasjonaal Fûns Aldereinhelp. Se wolle dêrmei iensumen út harren isolemint helje. It Fûns skat it tal iensume âlderen yn Nederlân op ien miljoen. Rûnom yn Nederlân waarden fergese mielen oan harren oanbean.