'Hurde oanpak fan drugshannel'

© Omrop Fryslân
In hurde oanpak fan de plysje en in goede foarljochting op skoallen. Dat binne de wapens dy't boargemaster Lycklema fan Achtkarspelen ynsette wol tsjin de groeiende problemen mei drugs en drank yn syn gemeente.
Lyklema reagearret dêrmei op de oanhâldings fan 13 fertochten yn Noardeast-Fryslân. Se ha foar tsientûzenen euro's oan harddrugs ferkocht. Neffens Lycklema kin allinne in hurde oanpak fertuten dwaan.