Dochs akkoart Arriva en fakbûnen

25 des 2004 - 14:55

Lang om let liket der dochs in akkoart te kommen tusken fakbûnen en ferfiersbedriuw Arriva. Bussjauffeurs ha, mei tsjinsin, ynstimd mei it akkoart. Se moatte no al takom jier fiif en yn 2006 trije ferlofdagen ynleverje.

Arriva hopet hjirmei twongen ûntslaggen foar te kommen. Earder dizze moanne waard der by Arriva noch staakt. Yn Grins ha guon sjauffeurs freed in wylde staking hâlden tsjin it akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)