Soad meldings oer hortinsjes

© Omrop Fryslân
By de plysje binne al mear as hûndert meldings binnenkaam oer hortinsjes dy't út tunen stellen binne. Opfallend is dat de meldings rûnom út Fryslân weikomme.
De plysje hat tongersdei yn Skearnegoutum sels in buertûndersyk hâlden nei stellen hortinsjes. By njoggen huzen binne dêr de ôfrûne dagen planten út de tunen stellen. Ek yn Damwâld, Feanwâlden en Wierum binne hortinsjes stellen.