Politike rel yn Dokkum om strip

24 des 2004 - 16:08

Yn de gemeente Dongeradiel is in politike rel ûntstien troch in stripboek. Ta gelegenheid fan it nije gemeentehûs yn Dokkum, hie de Amsterdamse keunstner Guido van Driel in strip makke dêr't Dokkum yn sintraal stiet.

Yn it boek komme lykwols nochal wat skel- en flokwurden foar en dat foel net goed by de politisi fan de kristlike partijen. Ut protest ha se it stripboek weromjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)