Priis foar tekening

© Omrop Fryslân
In lanlike posterwedstriid fan de Lions Club is wûn troch Annagryt Rooda. Sy sit op it AOC op It Hearrenfean en hie mei oare learlingen meidien oan in fredesposterwedstryd fan de Lions Club.
Rooda hat de Nederlânske wedstryd wûn en sil no meidwaan oan de wrâldwide finale. Har tekening giet no nei Amearika, dêr't er de striid oangean sil mei 195 oare winners foar de haadpriis. Dat is in besite oan it gebou fan 'e Verenigde Naties.