Jelmer Slager nei Flevo Boys

© Omrop Fryslân
Fuotballer Jelmer Slager út Ferwert spilet fanôf it begjin fan de twadde helte fan it seizoen by sneons earsteklasser Flevo Boys út Emmeloord.
De 23-jierrige ferdigener krige koartlyn fan Cambuur te hearren dat syn kontrakt net ferlingd wurdt. Doe waard al sein dat hy nei alle gedachten fierder gean soe by de amateurs. Slager krige syn oplieding by de jeugd fan Cambuur en stie der sûnt 2002 ûnder kontrakt.