Net yn toer, mar yn keet

© Omrop Fryslân
De seis meiwurkers fan de fjoertoer op Skiermûntseach wurkje sûnt freed yn in keet neist de toer. Fanút dat tydlike wurkplak hâlde se it skipfeartferkear yn de gaten.
Yn de fjoertoer kin op dit stuit net wurke wurde. By it ferfangen fan in âlde kwiklager is koartlyn in te hege konsintraasje kwik metten. De toer wurdt no ûndersocht en mooglik letter skjinmakke. Ek de sûnens fan de meiwurkers wurdt undersocht.