Tryater noeget amateurs út

24 des 2004 - 13:41

Teaterselskip Tryater noeget begjin kommend jier fyftich amateurspilers út om les te krijen fan ferneamde kollega's út it fak. Aardige bijsaak is dat Tryater sa mooglik ek wat nij talint oer de flier krijt.

Der is plak foar fyftich spilers fan 15 oant 35 jier, dy't úteinlik foar in grut publyk optrede sille. De lessen binne in kadootsje fan Tryater oan it amateurtoaniel. It Fryske teaterselskip bestiet takom jier fjirtich jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)