Nijboer bliuwt by Harkemase Boys

24 des 2004 - 11:44

Fuotbalferiening Harkemase Boys hat it kontrakt mei trener Luitzen Nijboer mei ien jier ferlingd. Ek assistint-trener Jelte Postma fan Terwispel bliuwt folgjend seizoen noch yn tsjinst fan de klub.

It wurdt it twadde jier fan Nijboer by de klub fan De Harkema. De beide treners krije as wichtichste taak derfoar te soargjen dat Harkemase Boys ek oar jier meidraait yn de top fan it Nederlânske amateurfuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)