Topsporters krije romte

24 des 2004 - 10:04

Jonge topsporters krije op skoallemienskip OSG Sevenwolden fan it Hearrenfean tenei alle romte foar it útfieren fan har sport. De skoalle hat in konvenant ûndertekene mei it Olympisch Steunpunt Noord-Nederland.

Dy stipet de skoalle yn de begeleiding fan de jonge talinten. Ek jout it stipepunt advizen oer de kombinaasje roasters en wedstrydskema's. Op OSG Sevenwolden sitte in soad jonge turnsters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)