'Straf Eye4Care te licht'

24 des 2004 - 09:38

It is teloarstellend dat de alternative klinyk Eye4Care yn Harns gjin swierdere straf krigen hat. Dat seit foarsitter Renckens fan de 'Vereniging tegen de kwakzalverij'.

De rjochtbank feroardielde de direkteur en it medysk haad fan Eye4Care tongersdei ta in boete fan 500 euro en in foarwaardlike finzenisstraf fan in moanne. Neffens Renckens giet fan de opleine straf gjin driging út. Hy wol dan ek dat de wet oanpast wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)