Rjochtse beweging fuotbalfans

© Omrop Fryslân
Guon leden fan 'e MI-side fan Cambuur hat him mei hooligans fan oare klubs feriene yn in ekstreem-rjochtse beweging. Supporters fan Feyenoord, ADO Den Haag, FC Utrecht, FC Grins en FC Twente ha meiinoar de nije Combat Hooligans Brigade oprjochte.
De hooligans stribje in nasjonalistyske beweging fan fuotbalsupporters nei, lykas yn Ingelân en Itaalje. De groepen supporters ha dit sels bekend makke yn in pamflet en op ynternet.