Gjin tunnel mar pont by Langwar

© Omrop Fryslân
Der komt gjin tunnel ûnder de Langwarder Feart. De hjoeddeiske pont bliuwt gewoan yn de feart. In tunnel soe te djoer wurde foar de gemeente.
Fanwege de hege easken oan de feiligens soe de tunnel heger wurde moatte as de foarstelde 2.25m. De gemeenteried fynt sa'n hege tunnel mei steile op- en ôfritten net goed en net feilich genôch. Ynwenners fan Langwar hawwe teloarsteld reageard. Sy freegje al jierren om in tunnel.