Polderhoofdkanaal wer yn farrûte

© Omrop Fryslân
It Polderhoofdkanaal fan Nij Beets nei de Feanhoop wurdt as it oan deputearre steaten leit opnommen yn it Fryske marreprojekt. Dat hat ta doel de farrûtes better opinoar oanslute te litten. De kâns is grutter dat it Polderhoofdkanaal wer in trochgeande farrûte wurdt.
De gemeenten Opsterlân en Smellingerlân ûndersykje de mooglikheden fan it kanaal. Sa wurdt besjoen hoe heech de brêgen wurde moatte.