Dokkumer dievebinde oprôle

23 des 2004 - 15:57

Yn Dokkum hat it ôfrûne jier in binde fan alve jonges sa'n hûndert winkeldiefstallen plege. Se wiene fral út op klean, drank en muzykapparatuer. It giet om jonges tusken de 15 en 17 jier. Se wurde ek fertocht in grut tal fernielings. Sân fan 'e alve binne al oppakt en heard troch de plysje.

De plysje kaam de fertochten op it spoar nei it hearren fan 'e jonges dy't oanhâlden waarden foar it bekladden fan Piter Jelles Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)