Legere straf foar Eye4Care

23 des 2004 - 15:41

De rjochtbank yn Ljouwert hat de twa direkteuren fan Eye4Care yn Harns in folle legere straf oplein as twa wike lyn easke waard. Doe woe de rjochtbank de klinyk foar alternative genêswizen in boete fan 3500 euro oplizze en in selstraf ûnder betingst fan twa moanne.

It waard úteinlik in boete fan 500 euro en in selstraf ûnder betingst fan twa wike. De straf is oplein omdat de rjochtbank fynt dat de klinyk deasike pasjinten falske hoop jûn hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)