Stellen fjoerwurk weromfûn

© Omrop Fryslân
Yn in kelderboks fan in flatwenning oan de Werf yn Ljouwert hat de plysje woansdei in grutte hoeveelheid yllegaal en stellen fjoerwurk fûn. It guod is begjin desimber út in frachtwein helle dy't oan de Harlingertrekweg stie. Yn de kelder waard 4000 kilo fjoerwurk weromfûn mei in totale wearde fan sa'n 2000 euro. De 34-jierrige bewenster fan de flatwenning is oanhalden troch de plysje. De saak wurdt no fierder ûndersocht.