Schalmei Hurdegaryp ferdwynt

© Omrop Fryslân
In grut tal foarsjennings yn Hurdegaryp wurdt de kommende 10 oant 15 jier by inoar brocht op trije lokaasjes. Doarpshûs De Schalmei ferdwynt, mar dêr komt in oar doarpshûs op in oar plak foar werom.
Skoallen, berneopfang en oare foar- sjennings sitte no noch op minstens seis lokaasjes. Doarpsbelang warskôget derfoar dat guon ferdwine kinne as se net tichter byinoar sitte. De plannen kostje 35 oant 40 miljoen euro.