No ek bertes op webside HCL

23 des 2004 - 12:41

De boargerlike stân fan Ljouwert oant 1902 stiet no folslein op de webside fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Earder stiene de houliken en de ferstjerrens al online. No kinne de geboarten tusken 1811 en 1902 ek op ynternet besjoen wurde.

It Histoarysk Sintrum hie tasein dat dy der yn 2004 op komme soene. Ynkoarten set it sintrum ek de geboarte-aktes fan Ljouwerteradiel yn de perioade 1811-1902 op de webside.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)