IFKS: straf skipper leger

© Omrop Fryslân
De skorsing foar IFKS-skûtsjesiler Eelke Dijkstra is werombrocht fan trije nei ien jier. Dat hat it bestjoer fan de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen tongersdei unanym besluten. Dijkstra waard skorst om't er in stielkabel yn de mêst fan syn skûtsje hie.
It IFKS-bestjoer hat it sanksjebelied opnij besjoen. Doe is konkludearre dat de straf te swier wie. Dijkstra kin takom jier wer meidwaan yn de B-klasse.