Fiskstreuperij nimt ta

© Omrop Fryslân
De fiskstreuperij is dit jier bot tanommen. It streuperijteam fan de plysje Fryslân op basis fan eigen waarnimming en ynformaasje dy't it team taspile wurdt. Der giet hast gjin dei mear foarby dat der net streupt wurdt, benammen op snoekbears. Dat soe kinne om't de prizen foar snoekbears sa foar krysttiid behoarlik heech lizze.
Fierder falt op dat der hieltyd mear relatyf jonge minsken mei streupen begjinne.