Boaiemsanearing op 2500 plakken

23 des 2004 - 10:43

De kommende 25 jier moet de boaiem fan 2500 swier fersmoarge lokaasjes yn Fryslân skjinmakke wurde. Dat wol de provinsje. It Ryk hat dêrfoar lanlik miljarden euro's beskikber steld. De ôfrûne twa jier ha de provinsje en de Fryske gemeenten alle boaiemgegevens dy't der binne sammele.

Dêrmei is no de boaiemtastân fan 75.000 lokaasjes yn byld brocht. Alle gegevens oer de Fryske boaiem binne fan jannewaris ôf te sjen op ynternet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)