Gearfettings fuotbal nei De Mol

© Omrop Fryslân
De gearfettings fan de fuotbalwedstriden fan SC Hearrenfean sille fan takom seizoen ôf te sjen wêze op de televyzjestjoerder Nickelodeon fan John de Mol. De Mol hat mei syn bedriuw Talpa de earste rjochten fan de gearfettings fan earedivyzjewedstriden wûn fan NOS Studio Sport.
De radiorjochten binne wol nei de NOS tagien. De mediawurkgroep fan de Eredivisie CV hat woansdei yn Zeist mei alle klubs praat oer de fuotbalrjochten.