OM: heger berop tsjin frijspraak

22 des 2004 - 21:24

It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop tsjin de frijspraak fan in Ljouwerter dy't dronken op in bromfyts siet. De man waard dizze wike frijsprutsen omdat hy oanhâlden waard troch in wachtmaster fan de keninklike maresjaussee.

De maresjaussee mei him allinnich mar bemoeie mei militêren dy't yn oertreding binne, sa hat de rjochter bepaald. It OM is it dêrmei net iens en giet yn heger berop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)