Oanhâldingen nei drugsûndersyk

22 des 2004 - 17:26

De plysje hat by in grut drugsûndersyk yn Kollum fjouwer minsken oanhâlden. It giet om trije ynwenners fan Achtkarspelen en ien fan Kollumerlân. De mannen binne tusken de 18 en 22 jier. Se wurde derfan fertocht drugs (softdrugs, speed en xtc) ferkocht te hawwen oan de pleatslike jeugd.

Seis resjersjeurs hawwe fan septimber ôf dwaande west mei it ûndersyk. Dat wie opstart nei in soad klachten fan âlders en nei klachten oer oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)