Wer lek yn rioel Hurdegaryp

© Omrop Fryslân
Foar de tredde kear yn in healjier tiid is itselde rioel sprongen yn Hurdegaryp. Yn de tún fan de famylje Ket wie it tiisdei in lyts swimbad.
It Wetterskip is woansdei mei grut materieel dwaande om it lek boppe de grûn te heljen. Fan it simmer knapte it rioel ek al twa kear by de famylje Ket en doe bleau der neat oer fan de tún. Doetiids wie reinfal de oarsaak. Wat no de oarsaak is, is noch net bekend.