Kontakten mei Sina oanhelje

© Omrop Fryslân
De provinsje hat Jan Vlieg oanlutsen om de bannen mei de Sineeske stêd Sichuan oan te heljen. De âld-bûnscoach fan it tafeltennisjen hat faak yn Sina west.
Fryslân hat fiif jier in freonskipsbân mei Sichuan. De gûverneur fan de provinsje mei 84 miljoen ynwenners hat fan it simmer yn Fryslân west. Hy woe sjen watfoar aktiviteiten op it mêd fan de lânbou ek yn Sina tapasber binne. Vlieg moat Fryske bedriuwen helpe om kontakten yn Sichuan te krijen.