Fjoerwurkhannel Evuco goedkard

22 des 2004 - 12:25

Fjoerwurkhannel Evuco op 'e Jouwer hat de opslach fan it konsumintefjoerwurk goed foarinoar. Dat die tiisdei bliken by in grutte kontrôle troch de provinsje en de plysje. De regeljouwing foar de opslach fan fjoerwurk is sûnt 2002 flink oanskerpe.

Der moat in goed feilichheidssysteem wêze mei ûnder oaren in sprinkler- ynstallaasje. Per bunker mei maksimaal 50.000 kilo fjoerwurk opslein lizze. It is op 't heden de drokste tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)