Krysttekening wegere op skoalle

© Omrop Fryslân
Op iepenbiere skoalle De Weide yn Ljouwert is in grutte krystskildering fan Jezus yn de stâl wegere. De tekening wie makke troch ien fan de âlden fan de skoalbern, op fersyk fan de âldenrie.
De direkteur woe lykwols net dat de skildering ek ophong waard. Se is benaud dat oare âlden har der oan steure sille. De kristlike skoalle eefkes fierderop hat de krysttekening no adoptearre en ophong yn it gebou.