Plattelânsprojekten binne sukses

© Omrop Fryslân
Plattelânsprojekten wurde ek nei 2006 trochset. It projektburo rint sûnt 2000 en is in grut sukses. Meikoarten kin it buro sels beslisse oft in oanfraach yn de beneaming komt foar subsydzje. No docht it provinsjebestjoer dat. Ek krijt it buro in taak by de útfiering fan it sosjaal belied fan de provinsje.
It projekt hat as doel de leefberheid op it plattelân te ferbetterjen. De provinsje wol it beskikbere budzjet fan 200 miljoen euro ferheegje.