Frijspraak foar drankrider (37)

22 des 2004 - 11:01

De maresjaussee mei drankriders net oanpakke. Dat docht bliken út in útspraak fan 'e rjochtbank yn Ljouwert. De rjochtbank spruts in Ljouwerter (37) frij, alhoewol't hy mei fierstente folle drank op op syn brommer ried.

De man waard frijsprutsen omdat de blaastest en it ferfolchûndersyk troch de maresjaussee dien wie. De maresjaussee mei neffens de rjochtbank allinnich yn útsûnderlike omstannichheden plysjewurk oernimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)