Mear wurk foar It Bilt

© Omrop Fryslân
De wurkgelegenheid op It Bilt makket in flinke groei troch. Dat hat te krijen mei de komst fan fjouwer nije bedriuwen op terrein De Wissel yn Sint Anne. It giet om 50 arbeidsplakken by brânstoffebedriuw Halma Agro, dat no yn Sweins sit. Ek transportbedriuw De Vries fan Bitgum komt nei it Bilt. De Wissel is dêrmei sa goed as fol.
Benammen de oankundige opknapbeurt fan De Wissel hat soarge foar de ekstra belangstelling foar it bedriuweterrein.