De Haan waarnimmer Oekraïne

22 des 2004 - 10:39

Peter de Haan fan Ljouwert reizget woansdei ôf nei de Oekraïne. De Haan sil dêr optrede as OSVE-waarnimmer by de presidintsferkiezings fan kommende snein. De OVSE is de organisaasje foar frede en oparbeidzjen yn Europa.

It wurde spannende ferkiezings want de gadingmakkers Janiekovitsj en Joetsjenko nimme it op 'e nij tsjin inoar op, neidat de earste ferkiezings ûnjildich ferklearre waarden. De Haan hat him goed taret op de ferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)