Brân op ôffalpark De Wierde

© Omrop Fryslân
Op it ôffalpark De Wierde by Aldehaske hat tiisdei tusken de middei in koarte brân west. De brân ûntstie yn in ôffalskiedingstasjon. Mei snijbrâners waard in ûnderdiel fan de ynstallaasje losmakke. Dêrby rekke in stik polyester yn 'e brân.
Meiwurkers fan it ôffalpark ha de brân sels útmakke. Wol waard foar de wissichheid de brânwacht fan De Jouwer om help frege. De skea is lyts en der kin gewoan trochwurke wurde.