Moderne rupstrekker yn Marrum

21 des 2004 - 17:05

Yn Marrum rydt op dit stuit in ultra- moderne rupstrekker op it lân. Der binne mar twa fan yn Europa. De Challenger MT765 mei 350 pk en GPS- systeem rydt mei help fan satelliten it lân op en del. Hy wykt heechút fiif sintimeter ôf fan syn paad.

De trekker is makke yn Amearika en wurdt ynset op it leanbedriuw fan Fekkes. De trekker kostet 230.000 euro. De rupsbannen soargje derfoar dat de trekker hast altyd ynset wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)